1. Besjoch de dia's en klik op dizze ynfoloefening
  2. Meitsje dêrnei dizze fragen

It hiëroglifenskrift bestie út in grut oantal tekenings dy't elk in wurd of in klank útbylde. Dit byldskrift waard fan 3000 foar Kristus ôf brûkt foar it skriuwen. Yn de Romeinske tiid stapten de Egyptners oer op it Romeinske skrift, it Latyn. Letter koe gjin ien mear it hiëroglifenskrift lêze.

Doe't Napoleon yn Egypte wie, waard de stien fan Rosette fûn. Dêr stie wat op skreaun yn it hiëroglifenskrift, it demotysk en ek yn it Gryksk. Dy stien namen se mei nei Frankryk. De Frânsman Champollion ûntsifere yn 1810 it hiëroglifenskrift mei behelp fan de stien fan Rosette. De earste wurden dy’t hy lêze koe wienen Ptolemeus en Kleopatra.

It hiëroglifenskrift wie net it âldste skrift. It spikerskrift ûntstie yn ûngefear 3200 foar Kristus. It Fenisyskskrift yn 1500 foar Kristus, it Gryksk yn 900 foar Kristus en it Latyn yn 200 foar Kristus. It hiëroglifen skrift waard faak skreaun op papyrus. Papyrus waard makke fan reid. Dat groeide lâns de râne fan de Nyl. It spikerskrift en it hiëroglifenskrift binne byldskriften, it Fenisysk, it Gryksk en it Latyn binne alfabetyske skriften.