1. Besjoch de dia's en klik op dizze ynfoloefening
  2. Meitsje dêrnei dizze fragen

Fanôf de fiifde ieu foar Kristus makke de Grykske kultuer in bloeiperioade troch. De Griken bouden timpels mei pylders en reliëfs dy't hjoed de dei noch altyd neimakke wurde. Sa waard it Partenon yn Atene yn de fiifde ieu foar Kr. boud. It bestiet út pylders, in frys mei byldhouwurk en in trijehoek (fronton) mei bylden boppe de yngong.

It gerjochtsgebou yn Ljouwert.

 

De pylders fan it Partenon wienen koart en dik. Wy neame dit de Doryske boustyl. Letter kamen der ek timpels mei slankere pylders mei oan de boppekant in krol. Dit neame we de Ionyske boustyl. Slanke pylders mei oan de boppekant blomfigueren neame we Korintyske.

http://www.schooltv.nl/video/tempels-van-de-oude-grieken-huizen-voor-de-goden/#q=de%20grieken

De Griken binne de útfiners fan libbensechte bylden. De bylden waarden makke fan moarmer en fan brûns. De skilders út dy tiid tekenen op it ierdewurk tekeningen mei perspektyf. Dat betsjut dat der al djipte yn de tekeningen te sjen is.

De Griken binne ek de útfiners fan it toaniel. Yn de teaters spilen de Griken trageedzjes (treurspullen) en komeedzjes (blijspullen). De Grykske keunstwurken binne klassyk, dat betsjut: in foarbyld foar alle tiden.