1. Besjoch de dia's en klik op dizze ynfoloefening
  2. Meitsje dêrnei dizze fragen

Tsjintwurdich hearst hieltyd faker datst mear bewege moatst en minder ite. De jongerein is te dik en beweecht te min, seit de krante. Wat sizze de âlde Griken dêrfan? Yn in Gryksk toanielstik út de twadde ieu nei Kristus, skreaun troch Lucianus, freget immen him ôf, wêr't al dy gymnastyske wedstriden fan de Griken ta tsjinje. Hy sei:

'Se rôlje as baargen troch it sân en se fjochtsje as bokken. It giet der somtiden wyld om en ta en dôchs wurde se net útinoar helle troch dy man yn syn poarperen mantel, dy't, nei syn klean te sjen, in oerheidspersoan wêze moat. Ik soe wol witte wolle wêrta soks tsjinnet. It komt op my oer as neat oars as grutte ûnsin.'

 

In oare toanielspiler antwurdet dan:

'It lichem fan in dapper man mei net fet en wyt wêze as dat fan in frou, dy't troch it ferbliuw yn hûs ferblikke is. Sjoch nei de read ferbrâne jongfeinten! Se sjogge der út sa as in man der út sjen moat: se binne fol libben, waarmte en manlike kracht, strieljend fan sûnens, net rimpelich of ferdroege en likemin te swier, om't se al it oerfloedige fet weiwurke en útswit hawwe en allinne dat oerholden hawwe, wat krêftich is en fêst. Dat is in gefolch fan dieet en gimmestyk.'

 

It wie wer ris feest yn Olympia yn Grikelân. Om de fjouwer jier fûnen hjir de Olympyske Spullen plak. Boadskippers reizgen troch it lân om it tiidstip fan de spullen (wedstriden) bekend te meitsjen. Ek rôpen se de frede út. Yn de tiid fan de spullen mocht der gjin oarloch fierd wurde. Alle feestgongers koene feilich nei Olympia reizgje. Se waarden dêr as gasten fan Zeus beskôge. De wol 50.000 taskôgers kamen net foar nije rekords, mar foar de eare fan harren stêd. De haadpriis wie rom, in lauwerkrâns en in faas.

Der waarden yn Grikelân in protte sportwedstriden holden, mar de Olympyske Spullen wienen it wichtichst. De earste spullen waarden holden yn 776 foar Kristus. De spullen duorren fiif dagen. Eltse Grykske man dy't it mar in bytsje regelje koe, gong der hinne. Famkes en froulju mochten net meidwaan en ek net taskôger wêze. Stikem, as in man ferklaaid meidwaan, koe ek net want de spilers wienen neaken. Yn it begjin wiene de spullen allinne foar de Griken. Letter dogge de Romeinen ek mei en tsjintwurdich binne de spullen foar alle lannen en foar manlju en froulju.

De spullen yn Olympia waarden sa wichtich fûn, dat de tiidrekkening der troch bepaald waard. In olympiade is in perioade fan fjouwer jier tusken twa spullen. Om't alle spullen op in list byholden waarden, kinne se krekt neigean yn hokker jier fan in bepaalde olympiade wat bard is.

De earste Olympyske Spullen bestiene foaral út hurdrinwedstriden. De Grykske hurdrinners wienen ferneamd. In rinner moast fan Maraton nei Atene it berjocht bringe dat de Griken de Persen ferslein hienen. Hy draafde sa'n 42 kilometer efterinoar en koe op it merkplein yn Atene it goede nijs noch krekt fertelle foar't er dea delfoel. Hurdrinners binne dearinners seit men wolris, mar de Griken eare de man dy't it berjocht brocht mei in spesjale wedstriid. De maraton; in hurdrinwedstriid oer mear as 42 kilometer.

Favoryt wie de fiifkamp. De winner moast útblinke op fiif ûnderdielen. Hurdrinne, diskussmite, spearsmite, wrakselje en fierspringe. Letter kamen der mear sporten by. Der wie altyd in protte belangstelling foar it hurddraven mei hynders en weinen. By dit ûnderdiel moasten fjouwerspannen sa gau mooglik 12 kear om in peal oan it ein fan it fjild drave. Dêrby fleagen de weinen út de bocht en soms sels  oerinoar hinne.

Tsjintwurdich geane de Olympyske Spullen om goud, sulver of brûns. Sokke prizen koenen de âlde Griken net. It gie om ivige rom. De winner krige allinne in krâns. Eltse stêd wie grutsk op syn Olympyske kampioenen. Harren jierdei waard troch de stêd fierd en mocht it gebeure dat in âld Olympysk kampioen letter earm waard, dan mocht er ite op kosten fan syn stêd.

De âlde Olympyske Spullen binne hûnderten kearen holden. Yn 393 nei Kristus makke de Romeinske keizer Theodosius der in ein oan. Hy wie ek baas oer Grikelân en hy fûn de spullen net mear passen yn in kristlik lân. Dêrom waarden se ferbean.

http://www.schooltv.nl/video/de-antieke-olympische-spelen-sport-bij-de-oude-grieken/#q=de%20grieken