1. Besjoch de dia's en klik op dizze ynfoloefening
  2. Meitsje dêrnei dizze fragen

Dia1

Fan 50 foar Kristus oant ± 350 nei Kristus binne de Romeinen yn Súd-Nederlân. Se bouwe dêr de âldste Nederlânske stêd en neame har Noviomagus (no: Nijmegen).  Dizze foto komt út it museum Het Valkhof yn Nijmegen. Sa ûngefear soe de Romeinske stêd Nijmegen der út sjoen ha. It wie de grutste Romeinske legerbasis yn Romeinsk Nederlân.

Dia2

Dia3

Dia4

Neffens in myte is Rome stichte troch Romulus en Remus. De stêd is boud op sân heuvels oan de Tiber. Romulus waard de earste kening en yn it earstoan wie Rome in keninkryk. Letter waard it in republyk. De republyk waard bestjoerd troch senatoaren en konsuls. Fan út Rome feroveren de Romeinen Italië en dêrnei it gebiet rûnom de Middellânske See. Mei help fan in sterk leger groeide de stedsteat Rome út ta in wrâldryk. Der waard faak fochten om oare folken en lannen te ferslaan. Troch feroveringen krigen de legeroanfierders in protte macht. Yn 137 nei Kristus wie it ryk it grutst. It ryk wie ferdield yn provinsjes ûnder it bestjoer fan gûverneurs. Troch nije feroveringen strekte it ryk him út in de twadde ieu fan Noard-Ingelân oant Súd-Egypte.

Dia5

Dia6

Dia7

Dia8

Troch feroverings krigen de legeroanfierders in protte macht. Nei't generaal Julius Caesar Gallië ferslein hie, wie hy sa machtich wurden, dat de senatoaren dat in bedriging fûnen. Caesar waard yn 44 foar Kristus troch senatoaren fermoarde. Yn 27 foar Kristus waard it Romeinske ryk in keizerryk, mei Augustus as earste keizer. Hy soarge foar in lange perioade fan frede yn it ryk. Dy perioade fan frede neame we de Pax Romana.

Dia9