- Besjoch de dia's en klik op dizze ynfoloefening
- Meitsje dêrnei dizze fragen
It Romeinske ryk wie in lânboustedelike maatskippij. Der wienen grutte ferskillen tusken earm en ryk. De boeren soargen foar it iten fan de minsken yn de stêd. De stêd wie in belangryk hannelssintrum. Troch de earmoed lutsen in protte boeren nei de stêd. Earme minsken waarden proletariërs neamd, sy wienen ôfhinklik fan rike patrisiërs. De patrisiërs hienen alle macht yn hannen. Sy soargen foar brea en spullen (brood en spelen) foar de earme minsken sadat de earme minsken rêstich bleauwen en net yn opstân kamen.
Rome hie ien miljoen ynwenners, mei filla's foar de riken en flats foar de earmen (de plebejers, it plebs). It Kolosseum yn Rome wie de arena foar de gladiatoarengefjochten. In grut part fan de befolking wie slaaf (yn Rome sa'n 400.000). De slaven dienen it swiere wurk. Der wienen Grykske slaven dy't as dokter wurken, mar ek slaven dy't yn de arena fjochtsje moasten. Soms kamen de slaven yn opstân, sa as de gladiator Spartacus.