1. Besjoch de dia's en klik op dizze ynfoloefening
  2. Meitsje dêrnei dizze fragen

Yn it jier 52 foar Kristus ferovere Julius Caesar Gallië (Frankryk, België en SúdNederlân). De Friezen waarden ek ferslein, mar meastentiids lutsen de Romeinen harren werom efter de Ryn. De Ryn waard de grins túsken de Romeinen en Germanen. Fryslân lei bûten de limes, mar de Friezen moasten wol oksehûden oan de Romeinen betelje en der fochten ek Friezen yn it Romeinske leger.

Yn 1888 waard yn Bitgum in beloftestien foar de goadin Hludana fûn. De stien is sa'n twa tûzen'  jier âld. Yn it Latyn stie der op: 'Oan de goadin Hludana ha de pachters fan de fiskerij, doe’t Quintus Valerius Secundus haadpachter wie, harren belofte betelle, frijwillich en neffens fertsjinst.' Der binne mear Hludana stiennen fûn, ûnder oaren by Xanten, dat Hludana moat in goadin west ha dy't ek by oare folken fereare waard.

De Friezen learden in protte fan de Romeinen. It oernimmen fan Romeinske gewoanten wurdt romanisearring neamd. De Romeinen learden de Friezen it skriuwen, dêrmei begjint de histoarje fan Fryslân.

Romeinen skreaunen op papyrus, perkamint en op skriuwplankjes. Sa'n skriuwplankje, it plankje fan Tolsum sjochst hjirboppe. It waard ynsmard mei waaks (was) fan bijen. De waaks is lang lyn al weiwurden mar op it hout is de tekst noch hiel faach te sjen. Earst tocht men dat it plankje oer de ferkeap fan in koe gyng, mar no witte we dat it oer it lienen fan jild giet. It skriuwplankje fan Tolsum, mei in tekst út 28 nei Kristus, is de âldste skreaune tekst dy’t yn Nederlân fûn is.

Op in protte plakken binne Romeinske munten en oare argeologyske fynsten út de Romeinske tiid fûn en Romeinske skriuwers hawwe oer de Frisii skreaun. De Frisii wienen by de Romeinen de stammen dy't noardlik fan de Ryn wennen. Se wienen wol ferslein troch de Romeinen, mar it gebiet waard net oan it Romeinske Ryk tafoege, om't de Ryn de grins waard. It is net wis oft de Friezen fan no ôfstamme fan de Frisii, want yn de folksferhuzing fan 350 oant 450 nei Kristus binnen in protte Friezen nei oare plakken gien en oare folken kamen yn Fryslân. Yn ús gebiet kamen Angelen, Saksen en Franken. Dy folken ferhuzen fierder nei bygelyks Engelân (Angelen) en Frankryk (Franken). Wy tinke dat in protte Frisii mei gien binne nei dy lannen.