iepeningSKIEDNIS foar de ûnderbou

Op dizze website stiet skiednismateriaal foar de ûnderbou fan it foartset ûnderwiis. Under de knoppen fan de tiidrekken steane lessen, powerpoints, en kompjûteropdrachten.

De site brûkt de yndieling yn tsien tiidrekken as kapstok. Dêrûnder stean yn gronologyske folchoarder de ûnderwurpen. De algemiene skiednis wurdt beskreaun mei foarbylden út de Fryske skiednis. De algemiene, de Nederlânske en de Fryske skiednis wurde sa ynmekoar skood.

Dizze site kin brûkt wurde by de fryske skiednis metoade Memo, mar ek njonken oare skiednismetoaden sa as de Nederlânske metoade Geschiedeniswerkplaats en Memo. In protte ûnderwerpen binne ek geskikt foar de heechste groepen fan de basisskoallen. De leskes kinne ek op in ipad brûkt wurde.

 >>> Disclaimer De lessen, digitale opdrachten, puzels en ferhalen dy't hjir stean, binne skreaun foar it fak skiednis yn it fuortset ûnderwiis. De brûkte ôfbyldingen en foto's binne foar in part fan mysels, komme fan it ynternet, komme út de Fryske metoade Memo dy't troch de AFUK útjûn wurdt en binne oernommen út boarnen dêr't ik fan tink dat der gjin kopijrjocht mear op sit. Mocht it sa wêze dat ik fan immen in foto brûkt ha, wêr't noch wol kopijrjocht op sit, dan hear ik dat graach. Dy foto of ôfbylding sil ik dan fuorthelje..
Alles wat hjir stiet, is mei soarch skreaun. Dôchs is it mooglik dat der earne flaters makke binne en dêrom is it gebrûk foar eigen risiko. Dizze website is dus noch net ôf en ek noch net sûnder flaters. Dat is it doel al. Korreksjes en tips wurde op priis steld.

Dirk Corporaal

This email address is being protected from spambots. You need JavaScript enabled to view it.