• Besjoch de dia's en klik op dizze ynfoloefening
• Meitsje dêrnei dizze fragen

Yn de prehistoarje libben de minsken yn ús lân tûzenen jierren lang fan jagen en sammeljen. Der wennen doe noch net folle minsken yn ús lân. It wie doe folle kâlder as no. Fan 8000 foar Kristus ôf waard it waarmer. Dêrtroch feroare it lânskip. De seespegel kaam heger en der kamen bosken en moerassen.

Yn 6000 f. Kr. wennen der jagers yn hutten yn Burgum. Yn Archeon, in museum by Alphen oan de Rijn, is in stientiidkamp neimakke. It is in rekonstruksje fan it kamp dat fûn is by it Burgumermar sa om en de by 6.000 foar Kristus hinne. Dêr binne grûnspoaren fûn en rigen stiennen sadat we witte hoe't de plattegrûnnen fan de huzen der útseagen. De minsken libben fan de jacht, fan fiskjen en fan it sammeljen fan fruchten en planten. Dit wie wierskynlik in basiskamp. Fanút dit kamp makken se reizen nei bygelyks jachtkampen.
Sa'n 5000 foar Kristus kamen der foar it earst boeren yn ús lân. Dat wie yn Súd-Limburch. Se kamen út Dútslân. It ierdewurk dat se makken neame wy bânkeramyk. Letter kamen der ek boeren yn it noarden fan ús lân

.

Sa om en de by 3.000 foar Kristus wenje der hunebêdbouwers yn Drinte en Fryslân. Se bouden hunebêden fan grutte stienen dêr't se de deaden yn begroeven. Dy stiennen wienen mei de lêste iistiid hjir kaam. De deaden krigen faak foarwerpen mei en dêrom tinke wy dat se yn in hjirneimels leauden. De minsken makken in protte dingen mei dy't se net begripe koene. Wêrom slacht dêr de bliksem yn? Se leauden dat dingen yn de natuer in siele hienen en sa ûntstie de natuergodstsjinst. Mei offerjen besykje se de natuergoaden geunstich te stimmen.

De hunebêden yn Fryslân binnen allegear ferdwûn mar yn Drinte kinst se noch sjen.

 

De hunebêdbouwers hienen ierdewurk dat wol wat op in trechter liket. Dêrom neame wy se wol it folk fan de trechterbekerkultuer.

Dit is it neimakke gesicht fan in man dy't fûn is yn de Krabbeplas, in rekreaasjegebied yn de buert fan Flaardingen. De man libbe 3300 jier lyn en is nei alle gedachten 43 jier wurden. Yn dy tiid libben de minsken yn ús lân as boeren. Op jacht gean dienen se ek noch wol mar se libben foaral fan de lânbou.